Jonge slacht kondukteur

07 maaie 2014 - 09:50

Yn Wolvegea hat de plysje tiisdeitejûn yn de trein in 17-jierrige jonge út it Drintske Ubbena oanhâlden om't er in kondukteur mishannele hie. Krekt foar it stasjon Wolvegea die by kontrôle bliken dat de jonge en syn freon gjin jildich kaartsje hienen. Doe't de kondukteur nei har ID-kaarten frege, sloech de jonge him yn it gesicht.

Hy woe nochris úthelje en doe ûntstie in wrakseling. Mei help fan passazjiers is de jonge oermanne. Op it stasjon is er oerdroegen oan de plysje. Hy krijt in proses-ferbaal. De kondukteur moast nei de dokter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)