'Stasjonsgebiet moat útnoegje'

It stasjonsgebiet fan Ljouwert sil de kommende jierren yngreven oanpakt wurde. De oanpassing fan it gebiet hat gefolgen foar al it ferkear yn de stêd. Op it stuit is der in soad ferkearsdrokte rûn it stasjon en de bedoeling is dat it gebiet útnoegjender wurdt foar besikers om nei de binnenstêd te gean.
Dit is benammen wichtich omdat Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd is en der dan in soad minsken nei de stêd ta komme. Tiisdei wie der in ynformaasjebyienkomst oer de plannen fan de gemeente. Hjir kamen tsientallen belangstellenden op ôf.
De bedoeling is dat de gemeente Ljouwert yn juny in beslút nimt oer hoe't it stasjonsgebiet oanpakt wurde moat.