Medaljes foar 150 militêren

06 maaie 2014 - 22:08

De fleanbasis fan Ljouwert rikt tongersdei 150 medaljes út oan militêren dy't yn Afganistan wurke hawwe. Generaal Tom Middendorp, de kommandant fan de striidkrêften, rikt de ûnderskiedings út. Hjirmei wurdt de útstjoering fan de militêren offisjeel ôfsletten.

Sy hawwe tusken septimber 2013 en jannewaris 2014 yn Mazar-E-Sharif yn Afganistan aktyf west. De militêren fan de fleanbasis Ljouwert hawwe mei F-16's foar stipe fan de ISAF-grûntroepemacht soarge.

Trefwurden: 
fleanbasis medalje militêren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)