Boek oer Lusanne van der Gun

06 maaie 2014 - 21:38

Sjoernalist Niek van der Oord hat in boek skreaun oer de ûntfiering fan Lusanne van der Gun yn 2003. It doe 11-jierrich famke út Aldeberkeap waard twa dagen fêsthâlden troch in man út Ryptsjerk. Yn Venlo waard it famke lang om let frijlitten. De ûntfierder is oanhâlden en feroardiele ta sân jier selstraf.

Yn it boek fan Van der Oord - Meisje Vermist - komme nije feiten oan it ljocht; sa is de man nei syn frijlitting op 'e nij yn de fout gong, mei himp. Ek steane de ferhearen fan Lusanne yn it boek.

De famylje fan Lusanne hat net meiwurke oan it boek fan Van der Oord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)