Plan foar ferdjippe krusings

06 maaie 2014 - 20:33

De provinsje hat in plan klear foar it ferspikeren fan fjouwer krusings yn de Westergoawei tusken Ljouwert en Boalsert. It giet om de krúspunten by Burchwert, Boalsert en Wommels. Dizze krusings binne neffens de omlizzende doarpen gefaarlik.

De provinsje is no ta de konklúzje kaam dat in ferdjippe op- en ôfrittesysteem de bêste oplossing is. Der is allinnich ien probleem: der is gjin jild. De oplossing foar de krusings kostet 15,2 miljoen euro. Provinsjale Steaten meie no de kommende moannen besjen oft se earne oars jild fine kinne.

Johannes Herder fan pleatslik belang Lollum/Waaksens seit dat der noch gjin reden is foar teloarstelling. Hy is bliid dat de oanpak fan de krusings no yn alle gefallen in prioriteit is fan de provinsje en hâldt hoop dat de finansiering rûn komt.

Trefwurden: 
Westergoawei krúspunt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)