'Kettingbotsing Werpsterhoeke'

06 maaie 2014 - 16:34

Automobilisten op de Werpsterhoek by Ljouwert hawwe nije wike te krijen mei in grutte helpferlieningsoefening. Op in stik dyk dat noch net yn gebrûk is, wurdt dan in grutte kettingbotsing neispile. Oan de oefening wurkje ûnder oare plysjes, ambulânses, brânwacht en rykswettersteat mei. Automobilisten wurde mei buorden wârskoge dat der in oefening oan de gong is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)