Wytstirnzen op de webcam

It grutte publyk kin dit jier foar it earst mei sjen nei de grutste koloanje wytstirnzen (=visdieven) fan it noarden. Ferline jier sieten der 75 briedpearen op de twa dakken fan it Nordwin College nêst hege skoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. De earste fûgels binne yntusken al werom út Afrika. Studinten fan de agraryske hege skoalle besykje út te finen wêrom't de fûgels hjir krekt sitte en nei alle gedachten hat dat wat te krijen mei it skjinner wurden fan it wetter fan de Potmarge, dy't dêr flakby rint.
Ferline jier binne der kamera's delsetten op de dakken foar de ûndersikers, mar de fideobylden binne ek op de side fan de skoalle te folgjen. It kin wol foarkomme dat de studinten fan Van Hall Larenstein fanwege it ûndersyk de kamera's rjochtsje op foar it grutte publyk minder ynteressante aktiviteiten.