Grutte nammen by Olympics

06 maaie 2014 - 15:20

De organisaasje fan de Special Olympics hat in soad nasjonale artysten oanlutsen foar de iepeningsseremoanje. Under oare Ellen ten Damme, Danny de Munk, Lange Frans, Syb van der Ploeg en Charly Luske trede op. De iepening is freed 13 juny yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. De 2000 atleten komme yn optocht it stadion binnen.

Nei de seremoanje kinne de atleten en begelieders op grutte skermen sjen nei de earste fuotbalwedstriid fan Nederlân tsjin Spanje op it WK.

Trefwurden: 
iepening Special Olympics
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)