Pelikaanstsjerke langer iepen

De pelikaantsjerke yn Ljouwert hoecht foarlopich net ticht, dat hat it heechste rjochtskolleezje fan de protestantske tsjerke yn Nederlân tiisdeitemiddei besluten. Dizze útspraak betsjut dat it koart pleit dat 24 leden fan de tsjerke oanspand hienen tsjin de protestantske tsjerke yn Ljouwert fan de baan is.
De Pelikaantsjerke soe fan 12 maaie ôf sluten wurde. Neffens de PKN Ljouwert is dat needsaaklik omdat der te min tsjerkegongers binne. Mar de tsjerkegongers fan de Pelikaantsjerke sizze dat se dan gjin oar plak hawwe om hinne te gean.
De tsjerke mei no iepen bliuwe oant der in definitive útspraak dien is troch de tsjerklike rjochtbank.