Masters iensum op skoalle

Masters op Fryske basisskoallen fiele harren hieltyd mear allinnich. Fakbûn CNV ûnderwiis hat 2700 masters frege nei har situaasje. Seis fan de 10 fielde him geregeld allinnich en 9 op de 10 masters wol mear manlju yn it basisûnderwiis sjen. Yn Fryslân binne ek skoallen dêr't hielendal gjin manlju wurkje.
De situaasje is dan ek krityk, neffens Marco Roelofs, koördinator fan belangeferiening manlju fan pedagogyk. Hy seit dat de PABO in wichtige rol spylje kin yn it ferbetterjen fan de situaasje. De PABO moat har mear rjochtsje op manlju.