Blog: Iepeningsspektakel foar Special Olympcis

Syb's Request yn Sleat © Provinsje Fryslân
De iepening fan de Special Olympics op freedtejûn 13 juny wurdt in grut spektakel yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. Der binne optredens fan Danny de Munk, Lange Frans, Ellen ten Damme, Charly Luske en Syb van der Ploeg. Dernjonken soargje de Johan Willem Friso kapel, muzyk en showband Advendo út Snits en 200 bern fan Fryske dûnsskoallen foar in wervelende iepeningsshow. Fansels sil op dizze jûn ek de Olympyske flam binnenbrocht wurde troch de atleten.
Nei de iepening wurdt it stadion omboud ta it grutste fuotbalkafee fan Nederlân. Op grutte skermen is dan de earste wedstriid fan Nederlân op it WK yn Brazilië te sjen. Nederlân spilet dan tsjin Spanje. In kaartsje foar dizze jûn kostet 5 euro. Kaartsjes binne te bestellen op: www.specialolympics2014.nl.