Cruiseskip oankaam yn Harns

It cruiseskip 'National Geographic Explorer' is tiisdeitemiddei krekt foar 13.00 oere de haven fan Harns binnen fearn. Sa'n 150 minsken seagen yn de haven hoe't it skip fan 115 meter lang oankaam. It is foar it earst dat in cruiseskip Harns oandocht.
Harns is opnaam yn it farskema fan Lindblad Expeditions. De stêd wurdt dêr omskreaun as 'lovely little seaside town'. De dûane is ek yn Harns oanwêzich. Dy is nedich, omdat der ynternasjonale gasten op de boat sitte. Tiisdeitejûn let sil it skip wer ôfsette nei de folgjende bestimming.
It skip is dwaande mei in njoggendaagse reis fan it Dútske Hamburg nei Londen. Nei Harns docht it skip ûnder oare noch Teksel, Amsterdam, Brugge en Antwerpen oan. Op de 'National Geographic Explorer' is plak foar 148 gasten yn 81 hutten.
It giet om in nije reis, dy't takom jier yn deselde perioade wer makke wurdt. De prizen begjinne by 5451 euro per persoan, sa is te lêzen op de webside fan National Geographic Expeditions.