Anty-dieetdei noch aktueel

06 maaie 2014 - 13:12

It is tiisdei 6 maaie, en dat bestjut dat it Anty-dieetdei is. Dizze dei waard yn 1992 yn it libben roppen, neidat in 15-jierrich Ingelsk famke harsels tekoart die, omdat se te dik wêze soe. Dat gefoel is herkenber foar in hiel soad minsken en dus bliuwe allerhande diëten noch altyd tige populêr. Minsken folgje ekstreme diëten, hâlde dat net fol en ferfalle wer yn âlde gewoanten.

Neffens diëtisten is de bêste manier om te witten hoefolle kaloryen men yt en dêrneist goed te bewegen. Dy wize fan libjen is ek it bêste fol te hâlden.

Trefwurden: 
dieet ôffalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)