Baneferlies belestingtsjinst

20 feb 2012 - 16:06

It tal banen by de belestingtsjinst yn Ljouwert giet troch de helte. Ferline wike tongersdei is it personiel ynljochte. De belestingtsjinst is dwaande mei it konsintrearjen fan syn taken. Foar Ljouwert betsjut dat dat foar 2016 de ôfdielings ynkasso, heffing parikulieren en de administraasje fan de beswieren nei Swolle of Grins ferhúzje. De belestingtelefoan en it tafersjoch op bedriuwen yn it MKB bliuwe wol.

Op it kantoar yn Ljouwert wurkje no 380 minsken. Der bliuwe neffens in wurdfierder fan it ministearje fan finânsjen krapoan 200 oer.

Trefwurden: 
Belestingtsjinst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)