Mishannelingssaak oanholden

Justysje © Omrop Fryslân
De rjochtsaak tsjin in 23-jierrige fertochte fan swiere mishanneling fan in jonkje yn Boalsert yn july ferline jier, wurdt oanhâlden. Der moatte noch tsjûgen heard wurde yn de saak. De pjut fan trije rekke swier ferwûne en bliuwt letsel hâlden.
Nei de mishanneling binne syn mem en de fertochte, har nije freon, oanhâlden. De mem waard al gau wer frijlitten. Oer maksimaal 3 moannen sil de saak op 'e nij foarkomme en ynhâldlik behannele wurde.