Banen wif by Hôf Ljouwert

20 feb 2012 - 13:32

Troch de beslútfoarming yn De Haach steane der banen op it spul by it gerjochtshôf yn Ljouwert. It parlemint moat te set oer it foars ferheegjen fan de kosten foar it fieren fan in rjochtsaak. As dat troch giet, soe dat wolris tsien prosint minder rjochtsaken betsjutte kinne foar it Hôf dêr't de heger beropssaken behannele wurde.

By it belestingrjocht soe it sels wol tusken de 30 en 50 prosint minder saken betsjutte kinne, seit president fan it Ljouwerter Hôf Daan Keur.

Der komme ek minder rjochtsaken trochdat it Iepenbier Ministerarje hieltyd mear foech krijt om saken bûten de rjochter om te regeljen. It ienichste wat mooglik wol foar mear heger beropssaken soargje kin, is de ynfiering fan minimum straffen foar minsken dy't in tredde kear in misdriuw begean.

Trefwurden: 
gerjochtshôf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)