Fryske boeken nij op lêslist

Learlingen yn it fuortset ûnderwiis kinne fan tongersdei ôf Fryske boeken sykje op de webside Lezen voor de Lijst. Der komme 32 Frysktalige romans op te stean. Oant no ta stiene op dy list allinnich Nederlânske en Dútske boeken. Learlingen kinne fia de side harren lêsnivo selektearje en dêrby in boek útsykje.
By elke titel stiet ynformaasje oer de ynhâld fan it boek, de skriuwer, wat oantreklik en dreech is oan de roman en wat oaren der fan fine. Der stean ek opdrachten by dy't makke wurde kinne om de lêsfeardichheid te fergrutsjen.
It idee komt fan de learare-oplieding Frysk fan NHL Hegeskoalle en Tresoar. De bedoeling is dat de list úteinlik útwreide wurdt nei 50 titels. By de seleksje fan de Fryske titels is de klam lein op wurk fan nei 2000 fan auteurs dy’t goed yn de smaak falle by learlingen, lykas Jetske Bilker, Marga Claus, Ate Grypstra, Ferdinand de Jong, Hanneke de Jong, Auck Peanstra en Willem Schoorstra.
De folsleine list is fan 8 maaie ôf te finen op de webside Lezen voor de Lijst.