Brânstofdieven pakt op de A7

© ANP XTRA
De plysje hat moandeitemiddei op de A7 by Beetstersweach twa manlju oanhâlden omdat se tankt hiene sûnder te beteljen. De Rotterdammer en in ynwenner fan Capelle aan de IJssel hiene tankt yn Bûtenpost. Doe't se fuortrieden sûnder te beteljen skreau in meiwurker it kenteken op en belle 112.
De plysje seach se letter riden op de A7 en waarden se oan de kant setten. Ut ûndersyk die bliken dat de bestjoerder al foar de tredde kear pakt waard foar it riden sûnder rydbewiis. De auto is yn beslach naam en de manlju moasten mei nei it buro.