Driuwende boathuzen foar KNRM

06 maaie 2014 - 09:44

De KNRM bout hieltyd mear spesjale, driuwende boathuzen om de helpferliening sa optimaal mooglik te meitsjen. Yn Harns is it famyljebedriuw De Boer & De Groot de ôfrûne 16 jier spesjalisearre yn de bou fan dizze boathuzen. Woansdei wurdt de achtste ôflevere oan de KNRM yn Dordrecht en der wurdt noch folop wurke oan ien foar Teksel.

De boathuzen binne tsjintwurdich fan alle gemakken foarsjoen oant sels in boatlift. Mei dizze boathuzen kin de helpferliening fan de KNRM by in kalamiteit gau op gong komme.

It boathûs is 29 meter lang, 9 meter breed en 9 meter heech en 80 ton swier. It is dêrmei it grutste boathûs oait dat bedriuw De Boer en De Groot leveret oan de KNRM. Mei in 500 tonskraan wurdt it it wetter yntakele.

Trefwurden: 
Harns KNRM boathuzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)