Seehûne-opfang yn Súd-Korea

20 feb 2012 - 12:18
Seehûn - Foto: ANP

Lenie 't Hart fan de seehûnekresj yn Pieterburen is krekt werom fan in besite oan Súd-Korea. Se hat dêr praat oer hoe't je de befolking behelje kinne yn de beskerming fan seehûnen.

De oerheid yn Súd-Korea wol in soarte fan seehûne-opfang as dy yn Pieterburen bouwe, mar hat dan wol de stipe fan de befolking nedich. Ek moatte der beskerme gebieten komme.

Trefwurden: 
seehûnen Lenie 't Hart
(advertinsje)
(advertinsje)