Nammen seleksje Jong Oranje

Lucas Bijker © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Yn de foarriedige seleksje fan Jong Oranje binne trije fuotbalspilers fan SC Hearrenfean en ien spiler fan SC Cambuur selektearre. It giet om Joost van Aken, Bilal Basaçikoglu en Hakim Ziyech fan SC Hearrenfean en om Lucas Bijker fan SC Cambuur.
Yn totaal wurde der 27 spilers útkeazen dy't meidwaan sille oan twa trainingsstaazjes en oan de EK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Skotlân en Lúksemboarch. De definitive seleksje wurdt om 13 maaie hinne bekend.