Flagge út op befrijingsdei
Op befrijingsdei stekke noch altyd in soad minsken de flagge út om de befrijing te fieren. Foar de Dokkumer Vlaggen Centrale is de maaitiid de belangrykste tiid foar de ferkeap fan de Nederlânske flagge. Elk jier wurdt der noch in soad ferkocht. Ut ûndersyk fan it fabryk docht bliken dat mear as de helte fan de Nederlanners in flagge yn hûs hat.