Bysûnder militêr bûsboekje

05 maaie 2014 - 14:49

By de ynleverdei foar guod út de Twadde Wrâldoarloch is ôfrûne sneon in bysûnder militêr bûsboekje oan it ljocht kaam. It boekje hat fan in Nederlânske korporaal west dy't yn de maaiedagen fan 1940 legere wie by de Wûnsstelling tusken Makkum en Surch. Bysûnder oan it boekje is benammen dat it noch hielendal kompleet is. It bûsboekje krijt nei alle gedachten in plakje yn it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân. Ek in Kanadeeske granaat en in Dútske bajonet sille nei alle gedachten yn it museum komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)