Keunst Friesland Bank te sjen

05 maaie 2014 - 14:11

De hûnderten skilderijen út de sletten filialen fan de Friesland Bank wurde ein dizze moanne foar de earste kear útstald. It giet om klassike wurken fan Jacob Mancadan en Ids Wiersma. Dy wurde trije wiken lang útstald yn it bûten Oranjewâld. De bank sammele ek moderne skilderijen fan bygelyks Boele Bregman en Sjoerd de Vries. Dy binne te sjen yn museum Belvédère. In grut diel fan de kolleksje hat noait earder foar in grut publyk te sjen west. De útstalling rint fan 28 maaie oant en mei 22 juny.

Konservator Han Steenbruggen is entûsjast oer de kwaliteit fan de keunst dy't troch de bank byelkoar brocht is. Hy hopet dat de stichting Oranjewâld - dy't de kolleksje fan de Friesland Bank oernommen hat - yn de takomst faker gearwurkje wol mei museum Belvédère by it opsetten fan útstallingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)