Geert Kuiper nije bûnscoach

05 maaie 2014 - 13:48

Geert Kuiper (53) wurdt de nije bûnscoach fan de ploege-achterfolging en de massastart by it reedriden. De ôfrûne 14 jier wie hy trainer en coach by de reedrydploech fan TVM, mar dy ploech is ophâlden te bestean. Kuiper folget Arie Koops op, dy't by de Olympyske Spelen fan Sotsji mei sawol de manlju as de froulju goud helle by de ploege-achterfolging. De massa-start is in frij nij ûnderdiel yn it reedriden, mar is dit jier foar it earst in ûnderdiel op it wrâldkampioenskip en mooglik wurdt it yn 2018 ek ûnderdiel op de Olympyske Spelen.

Geert Kuiper sil it wurk as bûnscoach dwaan neist syn wurk op de pleats yn Aldeholtwâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)