Finishformulier by fytstocht

05 maaie 2014 - 12:07

Dielnimmers oan de fytsalvestêdetocht moatte dit jier foar it earst thús in persoanlik finishformulier útprintsje. Dêrfoar moatte se har fia it ynternet registrearje. It finishformulier moatte se mei de stimpelkaart by de finish yn Boalsert ynleverje om de medalje te krijen. De stimpelkaart krije se werom, it finishformulier hâldt de organisaasje.

Dit nije systeem moat it makliker meitsje om by te hâlden hoe faak oft minsken de tocht fytst hawwe. De gegevens wurde ek brûkt om de minsken in oar jier út te noegjen foar de alvestêdetocht.

De fytsers moatte der foar soargje dat it formulier oan de ein fan de tocht noch lêsber is, it mei dus net knûkelje of wiet wurde. De fytsalvestêdetocht is Pinkstermoandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)