Ballen toane kostet smak jild

05 maaie 2014 - 10:36

In man (25) út Haren hat snein yn Drachten 350 euro ferlern by in weddenskip. Mei wat freonen wie er by de McDonald's. Se rekken oan de praat mei wat froulju fan in roeiferiening. De man woe wedzje foar watfoar jildbedrach oft er syn ballen bûten op it terras sjen litte soe. Doe't er dat dien hie, soe er fuort, mar in oanwêzige plysjeman kaam op him ta. De man sei dat it him spiet en dat er der net by neitocht hie dat bern soks mooglik ek sjen soenen. Hy hat in bekeuring krigen fan 350 euro. Hoefolle jild er mei de weddenskip wûn, is ûnbekend.

Trefwurden: 
Drachten plysje weddenskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)