Snitser fersteurt betinking

05 maaie 2014 - 10:26

Yn Snits hat in 55-jierrige ynwenner snein de deadebetinking op it Martiniplein fersteurd. De man wie dronken en kaam lûd oan fytsen. De plysje frege him om syn fyts oan de kant te setten en him te gedragen by de betinking. Letter krige de plysje meldingen dat er wer foar oerlêst soarge en leven makke. Doe hat de plysje de man oanhâlden.

Trefwurden: 
Snits plysje Deadebetinking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)