Hylper wenarken moatte fuort

20 feb 2012 - 11:45

De gemeente Súdwest-Fryslân hat mei rekreaasjeûndernimmer Douwe van der Meulen in akkoart berikt oer it fuortheljen fan 14 wenarken fan kemping Skulenboarch yn Hylpen. Earder woe de gemeente Nijefurd dy wenarken al ferwiderje, mar der waard doe gjin oerienstimming berikt oer it útwurkjen fan nijbouplannen dy't Van der Meulen foar de kemping hat. Dy oerienstimming is der no wol mei de nije gemeente Súdwest-Fryslân.

Foarsitter Titus Stallman fan Pleatselik Belang Hylpen neamt it fuortheljen fan de wenarken in opstekker foar de stêd.

Van der Meulen hat plannen om fan de kemping in rekreaasjepark mei goed 190 wenningen en in haven te meitsjen. It fuortheljen fan de 14 wenarken fan kamping Skulenboarch begjint op 2 april. Wannear't de nijbou los kin, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Hylpen wenarken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)