Hearrenfean einiget as fyfde

03 maaie 2014 - 23:43

Sportklup Hearrenfean is dit seizoen as fyfde einige yn de earedivyzje. Dêrmei is it wis fan de play-offs. Yn de lêste wedstriid fan dit seizoen wûn Hearrenfean mei 3-0 by RKC Waalwijk.

Nei in heal oere spyljen mocht Hearrenfean net kleie dat it noch gjin goal tsjin krigen hie. Sno trof twa kear de peal en RKC krige in soad kânsen. Dochs skoarde Van den Berg de iennige goal yn de earste helte. Nei rêst spile Hearrenfean it goed út mei goals fan Basacikoglu en Finnbogason.

SC Hearrenfean hie ek noch sicht op it fjirde plak en Europeesk fuotbal, mar PSV wûn thús mei 2-0 fan NAC Breda en pakte dêrmei it fjirde plak. Troch de nederlaach fan Vitesse tsjin FC Utrecht is Hearrenfean Vitesse wol foarbygien.

Hearrenfean spilet yn de play-offs no tsjin AZ, de ploech dêr't Hearrenfeantrainer Marco van Basten takom seizoen oan de slach giet. Woansdei is de earste wedstriid yn Alkmaar, sneon de beslissing op It Hearrenfean. Mocht Hearrenfean de finale helje, dan treft it dêryn de winner fan it duel FC Grins-Vitesse.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)