Cambuur ferliest fan Den Haag

03 maaie 2014 - 22:08

Cambuur hat de lêste wedstriid fan it seizoen net yn winst omsette kinnen. Yn eigen stadion ferlearen de Ljouwerters mei 2-1 fan ADO Den Haag. Cambuur kaam yn de 35e minút op foarpsrong troch in kopbal fan Ramon Leeuwin, út in corner fan Ritzmaier. Geandewei de twadde helte ferlearen de Ljouwerters de grip op de wedstriid. ADO Den Haag profitearre twa keare messkerp. Twa kear stie spits Michiel Kramer súksesfol oan de ein fan de oanfal. Cambuur einiget it seizoen op in 12e plak, mei 39 punten út 34 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)