Harry Sweering wint Kerspelen

03 maaie 2014 - 18:52

Harry Sweering hat sneon de 21e Ronde fan de Kerspelen wûn. Nei 186,5 kilometer wie de 24-jierrige Snitser mei oermacht de rapste fan in kopgroep fan tsien man op de Tillewei yn Droegeham. Jan Lof waard twadde, Kevin Snijder, in 20-jierrige Kollumer, kreas tredde. Dizze tredde wedstriid fan de klupkompetysje regio 1 wie troch de lingte en de wyn aardich dreech. De koers waard makke troch in kopgroep fan tolve man. Yn de finale bleaune der tsien oer. Ferline jier waard Harry Sweering achter Bram Verweij twadde yn Droegeham.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)