Drachtster Boys is feilich

03 maaie 2014 - 16:43

Yn de haadklasse C fan it sneonsamateurfuotbal hat debutant Drachtster Boys him sneon feilich spile. De formaasje fan trainer Fred de Boer wie op eigen fjild mei 2-1 te sterk foar kampioenskandidaat Flevo Boys.

Harkemase Boys die ek goede saken. De Harkiten wûnen de útwedstriid tsjin Go Ahead Kampen mei 4-2. Harkemase Boys spile in skoft mei 10 man nei in reade kaart foar Jordy van Wijk. Yn de slotfaze rûnen de Boys út fan 2-2 nei 4-2. Nije wike falt de beslissing oer it kampioenskip. Harkemase Boys makket noch kâns op de titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)