Man brekt skonk by oanriding

20 feb 2012 - 10:01

In man fan 36 jier út Hantumerútbuorren is moandeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding yn Menaam. It slachtoffer wie mei twa oaren dwaande in kontener op in frachtwein te laden. In 24-jierrige automobiliste út Menaam woe passeare, mar seach de man oer de holle. Dy foel en bruts dêrby nei alle gedachten in skonk.

De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
oanriding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)