Harnzers fertocht fan ynbraak

© Omrop Fryslân
Nei in tip fan tsjûgen hat de plysje yn Harns twa ynwenners fan dy stêd oanhâlden foar in ynbraak. De twa, fan 20 en 22 jier âld, waarden troch tsjûgen sjoen doe't se har fertocht gedroegen by in hûs oan de Wortelstrjitte yn Harns. Dêrby waard de foardoar fernield. De twa giene úteinlik sûnder bút wer fuort. Se koene letter op de Waddenpromenade oanhâlden wurde. Yn har auto fûn de plysje ynbrekkersark.