Bern fine stellen ark

20 feb 2012 - 09:55

Boartsjende bern hawwe snein yn it Kattebos op It Hearrenfean in tal jiskepûden mei ark fûn. De bern namen de pûden mei nei hûs. De âlders warskôgen de plysje. Yn de jiskepûden sieten ûnder oare boar- en seachmasines en dopsleutels.

Nei ûndersyk fan de plysje die bliken dat it ark yn desimber stellen wie út in skuorre by in wenning oan de Kievitstrjitte op It Hearrenfean. De 50-jierrige eigner hat syn ark snein werom krigen.

Trefwurden: 
ark
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)