Unrêst by SC Hearrenfean

02 maaie 2014 - 15:36

It is wer ûnrêstich op de wurkflier by Sportklup Hearrenfean. Ferline wike binne seis meiwurkers ûntslein, wêrtroch't de spilers en meiwurkers har soargen meitsje. Ek de ûndernimmingsried fan SC Hearrenfean is net bliid mei de gong fan saken. De spilersrie, mei ûnder oare oanfierder Marten de Roon, hat in petear hân mei de kluplieding. Se binne benammen ûntefreden oer it ûntslach fan teammanager Herman van Dijk en maatskiplik begelieder Pieter Busscher.

Trainer Marco van Basten wol fierder neat kwyt oer de gong fan saken. Dúdlik is wol dat Van Basten lulk is oer de gong fan saken en dat hy dizze ûntslachronde al oankommen seach. Dat hat, neffens Van Basten, ek in rol spile by it net ferlingen fan syn kontrakt. Yntern hat Van Basten der wol wat oer sein, mar nei bûten ta wol hy der neat oer kwyt.

Meiwurkers en belutsenen fan de klup wolle der nei bûten ta neat oer kwyt, mar in soad fine dat de klup werom giet yn de tiid. SC Hearrenfean wol guon funksjes dwaan litte troch frijwilligers en de taken ferdiele ûnder oare meiwurkers. SC Hearrenfean hat tsjinoer de meiwurkers oanjûn dat de minsken dy't dien krigen ha om bedriuwsekonomyske redenen fuort moatte.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)