Van Calker en Jansma alfde

20 feb 2012 - 09:18
Foto: Omrop Fryslân

Edwin van Calker is mei syn remmer Sybren Jansma fan De Pein alfde wurden op it wrâldkampioenskip yn de twamansbob yn Lake Placid. Snein, op de twadde dei, hiene de beide manlju in topdei mei de sechsde en fiifde tiid. Spitich dat se yn it klassemint net fierder opskoden.

De titel gong nei de Amerikanen Steven Holcomb en Steven Langton. It kommende wykein is it WK yn de fjouwermansbob.

Trefwurden: 
bobslydzjen Sybren Jansma
(advertinsje)
(advertinsje)