Koälysje SWF: jild nei ekonomy

De nije koälysje yn de gemeente Súdwest-Fryslân stekt de kommende fjouwer jier twa miljoen euro yn it fersterkjen fan de lokale ekonomy. It giet om ynnovaasjeprojekten by besteande bedriuwen en it binnenheljen fan nije bedriuwen. Der komt in ûntwikkelingsfûns fan trije miljoen foar grutte projekten. Dizze saken komme út it koälysje-akkoart dat freed presintearre is. CDA, FNP, PvdA en D66 ha in akkoart op haadlinen sletten dat woansdei oan de ried foarlein wurdt.
Neffens de partijen is der de kommende jierren in soad romte foar de ried en de befolking om sels mei ideeën te kommen.