Mear oerlêst minsken yn de war

De oerlêst fan minsken dy't yn de war binne, nimt hieltyd mear ta. Ferline jier moast de plysje goed 52.000 kear yngripe. Yn 2013 wie dat 40.000 kear. Yn Ljouwert moat de plysje gemiddeld twa kear yn de wike yn aksje komme, meldt opfangorganisaasje Zienn. De taname komt foaral trochdat minsken mei psychyske klachten hieltyd faker thús behannele wurde. Ek de besunigings yn de soarch spylje in rol. De gemeente Ljouwert is fan doel om mei in wyk- en gebietsteam te wurkjen.
Neffens Zienn moat it wurk goed ôfstimd wurde om foar te kommen dat minsken mei psychyske klachten bûten de boat falle.