Undersyk nei ôfname fisken
Undersikers besykje út te finen wêrom't de fiskstân yn de Waadsee sa ôfnommen is. Dit ûndersyk komt der trochdat de Waadferiening en oare ynstânsjes koartlyn oan de belle lutsen oer dit probleem. Dat dienen sy troch alle fangstgegevens fan in grutte fûke op Teksel op in rychje te setten.