DFM bliuwt ûnder tafersjoch

De Friese Meren © Omrop Fryslân
Gemeente De Fryske Marren bliuwt ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje. De kommende jierren moat De Fryske Marren yn totaal 9 miljoen besunigje, mar de gemeente wit noch net konkreet hoe't se dat dwaan sil. De gemeenteried mei dêr noch oer beslute.
Om't de gemeente no net bewize kin dat it goed komt mei de besunigings, bliuwt sy ûnder tafersjoch. Dit betsjut dat alle ekstra útjeften mei de provinsje oerlein wurde moatte. Nei ferwachting wurdt ein dit jier besjoen oft it tafersjoch derôf helle wurde kin.