Drokte foar neisoargers

02 maaie 2014 - 07:33

De neisoargers yn Fryslân moatte alle seilen bysette om harren wurk op 'e tiid klear te krijen. Sneon is de jierlikse neisoarchdei yn Fryslân.

De boeren wolle graach meane. Troch it moaie foarjier stiet it gers hiel heech. En dêrtroch binne de nêsten fan fûgels dreech te finen. De neisoargers dogge no harren bêst om de nêsten fan skriezen en ljippen te beskermjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)