Mar-athon grut evenemint

De Mar-athon om de Snitsermar hinne op 21 juny kin ien fan de grutste kuier- en hurdrineveneminten fan Fryslân wurde. Goed 2500 hurdrinners en 3500 kuierders hawwe har al ynskreaun foar de tocht om de Snitsermar hinne. Dy wurdt dit jier foar it earst hâlden.
It is de bedoeling dat fan moarns njoggen oere oant jûns tolve oere minsken om de mar kuierje of drave. It moat benammen in belibbingsevenemint wurde. Sa is op guon plakken lâns de rûte live muzyk. By de finish op it Martiniplein wurdt in grut festivalterrein ynrjochte.