De Uiterton op Flylân rêden

01 maaie 2014 - 20:15

De sân bewenners fan fersoargingshûs De Uiterton op Flylân hoege dochs net fan it eilân ôf. De driigjende sluting is fan de baan no't soarchynstelling Palet de Uiterton per 1 july oernimt. De fiif personielsleden gean mei oer.

Lange tiid like it der op dat der in ein komme soe oan it bestean fan it fersoargingshûs. Sûnt 2011 wie De Uiterton selsstannich, mar de organisaasje wie eins te lyts om oan alle easken te foldwaan. Mei sân bewenners wie it boppedat dreech om de holle finansjeel boppe wetter te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)