Agressive man yn stedskantoar

Stedskantoar © Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitemiddei in man oanhâlden dy't mei in hammer fernielings oanrjochte yn de hal fan it stedskantoar fan de gemeente. Hy hat in rút fernield, twa pinautomaten en in kompjûterskerm stikken slein.
De man sei sels dat it in rop om oandacht wie. Hy wie oansprekber en bleau fierders rêstich. De meiwurkers fielden harren dan ek net bedrige. De man naaide út, mar waard yn de buert fan it stedskantoar oanhâlden. De plysje sette derby Burgernet yn.