Swimbad De Gordyk letter iepen

01 maaie 2014 - 16:47

It swimbad fan De Gordyk giet dit wykein noch net iepen. Gewoanwei kin der yn it bad swommen wurde tusken 1 maaie en 1 septimber. De eksploitant wol lykwols earst mear jild fan de gemeente, omdat troch tanimmende kosten en in weromrinnend tal besikers it finansjele tekoart hieltyd grutter wurdt.

De gemeente hat begryp foar it beslút fan de eksploitant. Der wurdt mei him oerlein om te sjen oft der op de kosten besparre wurde kin, bygelyks troch de ynset fan frijwilligers. De gemeente tinkt dat der dizze moanne in oplossing komt.

Trefwurden: 
De Gordyk swimbad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)