Wedstriid foar lekkerste lunch

01 maaie 2014 - 16:43

Besikers en ynwenners fan de Fryske Wâlden kinne tenei de Wâlden ek priuwe. De Stichting Toeristysk Netwurk Fryske Wâlden en Stichting Wâldpyk komme mei in wedstriid foar koks om it bêste lunchgerjocht mei streekprodukten te meitsjen. It gerjocht moat foar minimaal 50% út streekprodukten bestean. Hobbykoks en profesjonele koks kinne meidwaan.

Op 26 maaie sil in saakkundige sjuery de gerjochten beoardiele. It toeristysk netwurk soarget der foar dat it winnende gerjocht in jier lang promoate wurdt.

Trefwurden: 
Fryske Wâlden lunch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)