NOM komt mei ynnovaasjefûns

Noardlike Untwikkelingsmaatskippij
De Noardlike Untwikkelingsmaatschappij NOM komt mei in ynnovaasjefûns foar ûndernimmers. Startende bedriuwen yn it Noarden kinne tusken de 50.000 en 1 miljoen euro finansiering krije. Wol moatte ûndernimmers minimaal mei syn twaen wêze en sels de helte fan it bedrach ynlizze.
De NOM hopet mei it nije fûns de MKB-sektor yn Fryslân, Grinslân en Drinte in ympuls te jaan.