Sykaksje kluphûs Hells Angels

01 maaie 2014 - 12:02

Yn it kluphûs fan de Hells Angels yn Harns hat de plysje tongersdeitemoarn in hússiking dien. Der waard socht nei saneamde 'jammers' en dêrfan hat de plysje ien eksimplaar fûn en yn beslach nommen. Mei in 'jammer' kin telefoanferkear steurd wurde, mar ek in auto frij maklik iepenbrutsen wurde.

De hússiking past neffens de plysje yn de hurdere oanpak fan motorklups, dy't lanlik ynset wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)